Fûne stien gjin âlde paadwizer

14 maaie 2006 - 10:58

De stien dy't fannewike fûn is op it Aldehouster Tsjerkhôf is gjin midsieuske paadwizer. Dat hat de gemeente Ljouwert sneon sein. De stien waard woansdei fûn. Earst waard tocht dat it om in nóch âldere stien gean soe út de Romeinske tiid.

In meiwurker fan it Frysk Museum holp dat ferhaal lykwols út de wrâld. Yntusken is ek it gerucht opdûkt dat de stien der dellein is troch in groep dy't tsjin de Nij-Saailân plannen is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)