Ynformaasjemiddei oer Blitsaerd

13 maaie 2006 - 18:50

Belangstellenden koene sneontemiddei sjen hoe't de nije wyk Blitsaerd by Ljouwert der út komt te sjen. Sa'n tachtich minsken kamen der op ôf. Blitsaerd, yn de Bullepolder, is no noch in grutte flakte.

It moat in wyk wurde mei sawat 400 lúkse nijbouhuzen op grutte kavels oan it wetter. It giet om huzen yn it djoerste segmint. Mar de ferkeap rint noch net goed. Fan de earste útjefte fan 120 kavels binne no 20 ferkocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)