Spijkerman wint Flevotour
Hurdfytsster Bertine Spijkerman fan Sint Nyk hat de Flevotour foar froulju wûn. Yn de tocht fan njoggentich kilometer wie de 23-jierrige Spijkerman de fluchste yn de massasprint. Se bleau Marianne Vos en Kirsten Wild foar.
It is al wer de tredde oerwinning foar Spijkerman. Earder wûn sy de Ronde fan Gelderlân en de Ronde fan Sudwest-Fryslân.