Gaslek yn fersoargingshûs Harns

© Omrop Fryslân
In grutte groep bewenners fan fersoargingshûs De Spiker yn Harns is freedtemoarn evakuearre, fanwege in gaslek. It lek is ûntstien yn it ketelhûs, de oarsaak is noch ûnbekend.
De situaasje is no ûnder kontrôle. Earder freedtemoarn rukte de brânwacht mei grut materieel út. Ek waarden ambulânses alarmearre. De evakuearre minsken binne ûnderbrocht yn oare fersoargingssintra yn Harns. Yn De Spiker wenje mei inoar 120 minsken.