'Fergunning mokselfiskje ynlûke'

13 maaie 2006 - 14:22

Fiif natuerorganisaasjes wolle it fiskjen nei mokselsied yn de Waadsee ferbiede. De organisaasjes wêrûnder de Waadferiening trune der by de Steatsrie op oan dat in krekt ferliende fergunning weromdraaid wurdt.

De natuerklubs ha hiel lang oerlein mei de fiskers oer in mear duorsume wize fan fiskjen op it sied, mar dat hat gjin resultaat opsmiten. Neffens de Waadferiening kin der in tekoart oan iten ûntstean foar beskerme fûgels.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)