Moasje D66-leden oer asylsikers

© Omrop Fryslân
It D66-haadbestjoer wyt him sneon op it lanlik partijkongres yn Zutphen gjin rie mei de oprop ta in generaal pardon foar asylsikers. Under oare de Fryske D66-ôfdieling hat in moasje yntsjinne om in grutte groep asylsikers in ferbliuwsstatus te jaan.
De moasje is blanko litten troch it haadbestjoer. Neffens foarsitter Klaas Hettinga fan D66 Fryslân koe it haadbestjoer der gjin ienriedich advys oer formulearje.