Bional Gordyk yn oare hannen

13 maaie 2006 - 13:13

Genêsmiddelfabrikant Bional op De Gordyk wurdt oernommen troch it Belgyske Omega Pharma. It bedriuw makket biologyske middels. Bional is 30 jier lyn begûn yn Ljouwert.

Tsjintwurdich wurkje der 67 minsken en wurdt der in omset draaid fan 13,5 miljoen euro. Direkteur en oprjochter Henk Bijl hopet dat Bional noch groeie kin, omdat Omega Pharma ek yn it bûtenlân goeie distribúsjekanalen hat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)