Sosjaal wurkers nei Poalen

13 maaie 2006 - 13:06
Foto: Omrop Fryslân

Alve Fryske sosjaal wurkers sille nije wike nei Poalen. Se sille dêr kollega's opsykje yn Gdansk en twa oare stêden en twa doarpen. De wurkbesite is in inisjatyf fan NHL-dosint Willem Blok.

Hy hat trije jier ferlyn yn Poznan in sosjaal ynnovaasjesintrum oprjochte. Hy wol dêrmei de modernisearring fan it sosjaal wurk yn Poalen stypje.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)