Fortis ASR bliuwt yn Wâldsein

13 maaie 2006 - 12:42
Foto: Omrop Fryslân

Wâldsein hâldt syn festiging fan fersekeringsbedriuw Fortis ASR, it eardere Woudsend Verzekeringen. Dat hat de direksje fan Fortis freed bekend makke. By it fersekeringsbedriuw yn Wâldsein wurkje 150 minsken.

De lêste tiid wie der ûnrêst. Troch ferskate minsken waard al rekken hâlden mei in sluting. Mar neffens direkteur Van Fledder is dat net oan de oarder.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)