FSU ropt WAO'ers op foar protest

13 maaie 2006 - 10:01

Fryske WAO'ers moatte woansdei manmachtich nei Den Haach komme om te protestearjen tsjin it WAO-belied. It Frysk Sintrum foar Utkearingsgerjochtigen, FSU, ropt dêrta op.

De aksje spitst him ta op de herkeurings. Fanwege nije regels moatte in soad WAO'ers opnij foar de keuring. Dat wurdt faak as ûnearlik beskôge. Minsken dy't mei wolle nei Den Haach, kinne har opjaan by it FSU.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)