Soad boaten misse keuringsbewiis

13 maaie 2006 - 08:34

Mear as de helte fan alle plesierboaten op de Fryske binnenwetters fart sûnder keuringsbewiis. Dat seit direkteur Franke Hoekstra fan keuringsbedriuw NKIP fan De Jouwer.

In keuring is lykwols ferplichte. At je gjin bewiis ha, kin de dûane beslute de boat de ketting te lizzen. De Twadde Keamer easket no fan minister Peijs fan Ferkear dat se aksje ûndernimt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)