'Referindum yn Wymbritseradiel'

13 maaie 2006 - 08:34

Der moat in referindum komme oer in eventuele gemeentlike weryndieling yn Wymbritseradiel. Dat fine alteast boargemaster en wethâlders fan de gemeente. Neffens boargemaster Reitsma wurdt der rûnom yn de regio diskussiearre oer in weryndieling.

Hoewol't it bestjoer fan Wymbritseradiel hjir neat foar fielt, is it neffens Reitsma wol wichtich dat de befolking him hjir ek oer útsprekt. Nije wike praat de rie oer it foarstel.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)