Konstruksjefout Kelders Ljouwert

12 maaie 2006 - 16:59

De kâns dat dizze simmer in hapke iten wurde kin op it terras fan de bierkelders yn Ljouwert, liket lyts. De unike kelders yn de Ljouwerter stedsgrêft binne ôfrûne jier ferboud ta hoarekagelegenheid.

Troch in konstruksjeflater kin de útbater it restaurant lykwols net iepenje. Probleem is dat de gemeente fergetten hat in ôfsûgingssysteem oan te bringen. Sa lang wol útbater Chris Leunge út Harns de saak net iepenje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)