Dei fan de ferpleging

© Omrop Fryslân
Rûnom yn de provinsje wurdt it ferplegend personiel freed yn it sintsje set. 12 maaie stiet al jierren bekend as de 'Dei fan de ferpleging'. Ut resint ûndersyk docht bliken dat 97% fan de Nederlanners in soad betrouwen hat yn de ferpleging, mear as yn húsdokters en apotekers.
Dochs driget de 'Dei fan de ferpleging' te ferdwinen, no't hieltyd mear sikehuzen en ferpleechhuzen gjin jild mear stekke wolle yn ekstraatsjes.