Ternaarders oanholden yn Dokkum

12 maaie 2006 - 14:28
Foto: Omrop Fryslân

De plysje hat tongersdeitejûn yn Dokkum twa ynwenners fan Ternaard oanholden. It giet om twa jonges fan 20 en 21 jier. Se hiene in wetterfyts hierd en foeren troch de grêften fan Dokkum.

Se misledigen in brêgewipper en smieten smoargens yn it wetter. Eefkes letter stellen se in boatsje dat se achter de wetterfyts hongen. Dêrby joegen se ek in jonge (14) klappen. De plysje koe de jonges oanhâlde.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)