Fragen oer OV-konsesje

© Omrop Fryslân
De Steatefraksje fan it CDA wol fan Deputearre Steaten wite wannear't sy in beslút nimme oer de konsesje foar it iepenbier ferfier yn Noard- en Súdwest-Fryslân.
Dat soe yn maart barre, mar waard útsteld nei ein april. It CDA freget him ôf wêrom't der no noch gjin beslút naam is oer de konsesje. De partij wol ek wite wat de gefolgen binne fan it útstel en oft der skeaclaims komme kinne fan iepenbier ferfier-bedriuwen.