Swalkstien mooglik pr-stunt

© Omrop Fryslân
It hat der alles fan dat de swalkstien dy't woansdei fûn waard by by de Aldehou yn Ljouwert ûnderdiel is fan in slimme pr-kampagnje. Dit yn ferbân mei de nije ynfolling fan it Saailân yn Ljouwert.
Woansdei is sein dat it nei alle gedachten gong om in Germaansk-Fryske paadwizer. In aksjegroep mei de namme Zaaimannen hat de stunt klaimd by de groep dy't de kommende wike offisjeel aksje fiert.