Testdei foar hurdfarders

© Omrop Fryslân
Der komt in spesjale testdei foar de eigners fan meastentiids te flugge rubberboatsjes oan de súdkant fan Ljouwert. De oerlêst fan dizze boatsjes nimt al jierren ta.
Yn de measte gefallen giet it om minderjierige skippers. Op 24 maaie kinne minsken de snelheid fan harren boatsjes mjitte litte op it wetter by de Ljouwerter wyk Suderbuorren. Dat organisearret de plysje mei ûnder oaren provinsjale wettersteat.