Rederij Doeksen krijt konkurrint

12 maaie 2006 - 06:08

Rederij Doeksen yn Harns krijt der in konkurrint by. It ministearje fan Verkeer en Waterstaat hat bepaald dat de Rederij Eigen Veerdienst Terschelling, de EVT, ek gebrûk meitsje mei fan de oanlisplakken foar de fearboaten.

It ministearje hat witte litten dat EVT, njonken Doeksen, no ek in feartsjinst opsette mei tusken Harns, Skylge en Flylân. De nije reder EVT wol mei 3 of 4 boaten begjinne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)