Donner wol rapport Vaatstra lêze

© Omrop Fryslân
Minister Donner fan Justysje wol it rapport ynsjen dat Twadde Keamerlid Hilbrand Nawijn makke hat oer de saak Vaatstra. Ut it ûndersyk dat Nawijn dien hat komt nei foaren dat guon saken better ûndersocht wurde kinne.
Sa soene der spoaren fan hânboeien fûn wêze op de earms fan Marianne Vaatstra en soene spoaren fan fytsbannen net goed ûndersocht wêze. Tegearre mei de famylje Vaatstra siket Nawijn sneon it plak op dêr't se fermoarde waard.