Meldwike nij syktekostestelsel

© Omrop Fryslân
It Pasjinte- en Konsuminteplatfoarm Fryslân hâldt in meldwike oer de gefolgen fan de ynfiering fan de Basisfersekering. Minsken dy't klachten ha oer dy basisfersekering kinne takom wike belje of maile mei it platfoarm. It Platfoarm wol der sa achter komme wêr't de knipepunten krekt lizze.
In soad minsken binne der troch it nije syktekostestelsel finansjeel op achterút gongen.