Hansson nei WK foar Sweden
Hearrenfean ferdigener Petter Hansson is opnaam yn de seleksje fan syn heitelân Sweden. Sweden docht kommende simmer mei oan it Wrâld Kampioenskip yn Dútslân. Tegearre mei Hansson binne ek âld-Hearrenfeanspilers Marcus Allbäck en Erik Edman selektearre.
Sweden spilet op it WK yn de poule mei Ingelân, Paraguay en Trinidad en Tobago. De 30-jierrige Hansson spile oant no ta tsien wedstriden foar it Sweedske team.