Utwreiding hynstebedriuw mei net

11 maaie 2006 - 13:48

De gemeente Opsterlân hat ûnterjochte in fergunning ôfjûn foar de útwreiding fan in hynste-opfokbedriuw yn Oerterp. Dat hat de Raad van State sein.

It bedriuw Beekdalhoeve Het Koningsdiep wol rûmte ha foar it opfokken fan mear hynders, mar de Vereniging Natuur en Milieu Ureterp en Omstreken hie dêr beswier tsjin oantekene. Se binne benaud dat de komst fan mear hynders skealik is foar it natuergebiet it Weinterper Skar.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)