Wetterplysje dielt 18 bonnen út

© Omrop Fryslân
De plysje hat by ekstra kontrôles op it wetter 18 kear in bon útdield. Alve kear waard in bekeuring jûn omdat der te hurd fearn waard. Fjouwer wettersporters krigen in bekeuring omdat se te jong wiene om in boatsje te bestjoeren.
Ek hat de plysje ferskate minsken warskôge, omdat se bygelyks gjin swimfesten oan board hiene. Der wurdt de kommende tiid faker kontroleard op it wetter.