Man ûnterjochte fêstholden

11 maaie 2006 - 13:37
Foto: Omrop Fryslân

In 35-jierrige man út Ljouwert hat him woansdei by de plysje melden, omdat er mishannele wêze soe yn in winkel yn de stêd. De man woe net dat de befeiliging fan de winkel yn syn tas seach en soe fuortgean. It personiel hâlde him tsjin en doe ûntstie der fjochterij, wêrby't de Ljouwerter ferwûne rekke. Doe't de plysje úteinlik te plak wie, die bliken it guod yn de man syn tas út in oare winkel kaam.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)