35% fan ried docht eed yn Frysk

11 maaie 2006 - 13:36

Mear as 35 persint fan de Fryske gemeenteriedsleden hat de eed yn it Frysk ôflein. Dat blykt út in ûndersyk fan de provinsje. It is tongersdei 50 jier lyn dat it foar it earst mooglik waard om de Fryske eed yn rjochtseal en iepenbier bestjoer ôf te lizzen.

It ynfieren fan de Fryske eed wie ien fan de earste maatregels foar de lykberjochting fan Frysk en Hollânsk. Deputearre Mulder fan de provinsje is tefreden oer it resultaat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)