Feestband blaast ôfskied ôf

© Omrop Fryslân
De Fryske feestband Lays hâldt dochs net op. Twa moanne ferlyn makke de band bekend der mei op te hâlden. De bandleden wolle har yndividueel mear dwaande hâlde mei muzyk. Mar se hawwe safolle reaksjes en oanfragen krigen foar optredens dat it beslút weromdraaid is.
Lays sil lykwols net mear as 30 kear yn't jier optrede. It ôfskiedkonsert dat pland wie foar maart 2007 giet no net troch.