VVD: mear jild promoasje Fryslân

11 maaie 2006 - 11:54

Provinsjale Steaten fan Fryslân sille pas fan'e hjerst beslute oft der de kommende tiid mear jild komt foar de promoasje fan it toerisme yn Fryslân. CDA en de PvdA wolle no noch gjin beslút nimme oer de saneamde beliedsnota Rekreaasje en Toerisme.

De partijen fine dat sy noch net alle ynformaasje oer de nota krigen hawwe. De VVD steurt him oan it driigjende opûnthâld. Neffens de VVD moat der folle mear jild komme foar promoasje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)