Nije keeper Vadeko Flyers

© Omrop Fryslân
IIshockeyklub Vadeko Flyers hat in nije keeper. It is de 28-jierrige Arunas Aleinikovas út Litouwen. Hy komt oer fan de Britse earste divyzjeklub de Barons en tekent in kontrakt foar in jier. Op it WK foar B-lânnen waard Aleinikovas útroppen ta beste keeper fan it toernoai.
De Litouwer is de opfolger fan Marcel Nijland en Ruud van der Holst. Beide keepers krigen gjin kontraktferlinging.