Dûmny hat 'ûnferstannich praat'

© Omrop Fryslân
De útspraken fan dûmny Lichti fan Reitsum oer homoseksualiteit binne ûnferstannich. Dat seit Ben Hogeterp fan it Protestants Tsjinstesintrum Fryslân.
De PKN-tsjerken hawwe in offisjeel stânpunt oer homoseksualiteit dat alhiel net strykt mei Lichti's synt. De leafde tusken man en man of frou en frou is akseptearre by de PKN. Lichti is wol PKN-dûmny, mar hat op dit stik fan saken in oare miening.