Oplichtster stelt út wenten

© Omrop Fryslân
In frou (30) út Noardburgum is oanhâlden op fertinking fan stellerij út wenten yn Ljouwert en de omkriten fan Hurdegaryp. De frou belle oan by âldere minsken en fertelde in sneu ferhaal. By minsken dy't har der yn lieten, hat se jild stellen.
Der binne al seis oanjeftes. De plysje siket noch mear dupearren. It giet om in opfallend lytse frou fan ien meter fyftich mei lang, blond hier. Se sit noch fêst.