Mink mooglik nei Virgin Records

10 maaie 2006 - 16:30

De Fryske sjongeres Mink krijt mooglik in platekontrakt yn Amearika. Moandei hat se yn New York in petear mei de platemaatskippij Virgin Records. De lêste cd fan Mink is troch de bekende platebaas Willem van Kooten ûnder de oandacht brocht fan de Amerikanen.

Mink moat yn Amearika nûmers ynsjonge en in fideoklip opnimme. Minke Adema lit witte dat se 'út 'e skroeven is' oer de bûtenlânske belangstelling.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)