Minder oerlêst yn Vrijheidswyk

10 maaie 2006 - 11:30

De kriminaliteit yn de Ljouwerter Vrijheidswijk nimt ôf. Dat blykt út sifers fan de plysje. Ferline jier skoarde de wyk op alle fronten ûnfoldwaande. Dit jier is de feiligheid yn de wyk tanommen.

Boargemaster Dales tinkt dat dat komt fan it wurk fan plysje, gemeente en buurtbewenners. Bewenners tinke dat de sifers in te moai byld jouwe en fine de oerlêst net minder wurden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)