Dales wol dossiers ex-finzenen

10 maaie 2006 - 11:30
Foto: Omrop Fryslân

Boargemaster Dales fan Ljouwert wol dat justysje alle dossiers fan ex-finzenen beskikber stelt as se nei har straf yn syn stêd wenje wolle. Dales fynt harren privacy minder wichtich as de feiligheid fan de mienskip.

Fan alle soarten kriminelen - fan pedoseksuelen oant geweldplegers - wol hy de dossiers ha. Oars kinne de ex-finzenen neffens Dales net goed opfongen en begelaad wurde.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)