Guozzepleach op Skiermûntseach

© Omrop Fryslân
Skiermûntseach hat te krijen mei in in guozzepleach. Gewoanwei hiene de fûgels om dizze tiid allang op harren briedplakken yn Skandinavië wêze moatten. Mar se bliuwe langer sitten en dêr binne de boeren net bliid mei, want se frette it lân keal. De earste sneed gers moat as ferlern beskôge wurde.
De guozzen meie net ôfsketten wurde. Mar leafst 12.500 pauweguozzen binne op it eilân delstrutsen.