Unrêst by Sport Smellingerlân

10 maaie 2006 - 10:19

By Sportbedriuw Smellingerlân is ûnrêst ûntstien. De meiwurkers hawwe problemen mei direkteur Jaasma. Dy soe ynkomsten fan 'e kantine trochslûsd hawwe nei in eigen BV. De ferhâldings mei it personiel stean ûnder druk.

Sportbedriuw Smellingerlân is ferantwurdlik foar it behear fan it Sportsintrum Drachten, sporthal De Drait en swimbad De Welle. It bestjoer steld in ûndersyk yn en woansdei is der in petear mei de boargemaster.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)