Frysk Museum op Belgyske toer

10 maaie 2006 - 10:19

It Frysk Museum giet fan 20 maaie ôf op de Belgyske toer. Oant en mei 27 augustus is dêr in grutte útstalling fan de skilder James Ensor (1860-1949) út Oostende. Op de iepeningsdei is yn de Ljouwerter binnenstêd in optocht mei dielnimmers mei selsmakke maskers. Dat binne hieltyd weromkommende eleminten yn it wurk fan Ensor.

Ek sil der wurk te sjen wêze fan de Fryske keunstners Anne Feddema, Bas Epker en Fons Hoiting.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)