Soad animo foar Friesland Vaart

© Omrop Fryslân
It wettersportevenemint Friesland Vaart sit no al hielendal fol. Mear as seishûndert boaten sille in wike lang troch Fryslân farre oer twa rûtes mei dêromhinne ferskate aktiviteiten oan de wâl. It evenemint moat promoasje foar de provinsje en banen yn 'e wettersportsektor opsmite.
It evenemint kostet oer de 1,5 miljoen euro en it moat tsientûzenen besikers lûke. De twadde edysje fan Friesland Vaart begjint op 26 juny.