Jacht op lape-damhert stillein

09 maaie 2006 - 16:01

De jacht op it damhert mei de reade lape yn de hoannen wurdt stillein. Dat hawwe jagers yn it Lauwersmargebiet tiisdei besletten. Sûnt ferline wike wurdt besocht it bist mei in pylk te ferdôvjen.

Neffens wyldbehearder Marten van Kammen skeelde it moandeitejûn net folle of it beest wie dochs noch fongen. It pylkje rekke it bist lykwols mar heal en dat wie net genôch om him út te skeakeljen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)