Undúdlikens oer OV-chipkaart

© Omrop Fryslân
It Konsuminteplatfoarm Iepenbier Ferfier ROCOV Fryslân is pessimistysk oer de ynfiering fan de OV-chipknip yn Fryslân. Dat stiet yn it jierferslach 2005 fan de organisaasje.
De OV-Chipknip wurdt dit jier as proef ynfierd yn Súd-East-Fryslân, Ljouwert en op it spoartrajekt Ljouwert-Grins. Takom jier wurdt er yn de hiele provinsje ynfierd. Mar der is noch in soad ûndúdlikens, fynt it platfoarm. Sa is noch neat bekend oer de tariven.