Fernielings yn sportkompleks

09 maaie 2006 - 14:21
Foto: Omrop Fryslân

Ynbrekkers hawwe yn in sportkompleks oan it Oosteinde yn Sint Jabik in soad skea oanrjochte. Se hawwe in tal doarren fernield. Ut de bestjoerskeamer is in kistje mei tsientallen euro's stellen.

Hoe't de dieven deryn kommen binne, is noch net dúdlik. De resjerzje ûndersiket de saak. De tennis-, fuotbal- en keatsferiening hawwe oanjefte dien fan de stellerij.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)