Eaststellingwerf: wol smoke

09 maaie 2006 - 13:42

Yn de bosken yn Eaststellingwerf komt foarearst gjin smookferbod. Dat hat de gemeente besletten yn oerlis mei de brânwacht. Yn Opsterlân is al wol in smook- en stookferbod fanwege de droechte.

Besikers yn 'e Eaststellingwerver bosken wurdt wol frege foarsichtich te wêzen mei fjoer. Op de website fan de gemeente is dêr ek omtinken foar. As it dizze wike net reint, komt der miskien dochs noch in smookferbod.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)