D66 wol Generaal Pardon

© Omrop Fryslân
De Fryske ôfdieling fan D66 wol dat der in generaal pardon komt foar de likernôch tsientûzen flechtelingen dy't ûnder de âlde wet asyl oanfrege hawwe. Se sil dêrfoar op it lanlike D66-kongres in moasje yntsjinje.
It doel fan de moasje is om de Twadde-Keamerleden fan D66 te twingen om it kabinet derfan te oertsjûgjen dat sa'n generaal pardon der komme moat.