Fjochterij yn Ljouwert

09 maaie 2006 - 10:35

Op de Harnzerstrjitwei yn Ljouwert is sneintejûn in 19-jierrige ynwenner fan de haadstêd ferwûne rekke by fjochterij. De man ferklearre tsjin de plysje dat er klemriden wie troch twa noch ûnbekende persoanen. De Ljouwerter waard fan de fyts skopt en hy krige klappen.

De beide oanfallers binne fuortgien doe't freonen fan it slachtoffer harren dermei bemuoiden. De Ljouwerter is nei it sikehûs oerbrocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)