Fytspont Akkrum wer yn bedriuw

© Omrop Fryslân
It fytspontsje dat Nije Skou mei Akkrum ferbynt, is nei 35 jier wer yn de feart. De ferbining bestie al sûnt de 19e ieu en bleau bestean oant de jierren santich fan de 20e ieu. It pontsje is neffens de gemeente Skarsterlân in moaie oanfolling op de fytsrûtes yn Skarsterlân en Boarnsterhim.
Woansdei wurdt de ferbining offisjeel iepene troch boargemaster Kuiper fan Skarsterlân.