Verbeek foar de rjochter

© Omrop Fryslân
Trainer Gertjan Verbeek fan SC Hearrenfean stiet moandei yn Grins foar de rjochter. It giet om it parkearynsidint by it stadion. In steward hold him tsjin, mar Verbeek ried troch. Neffens de steward is er dêrby rekke oan de earmtakke.
Doe't Verbeek letter oansprutsen waard op dy aksje soe er in oare steward bedrige ha. Verbeek ûntkent dat er him agressyf gedroegen hat. Hy wurdt bystien troch advokaat Wim Anker.