Wenten De Lemmer opknapt

© Omrop Fryslân
Wenningstichting De Wieren sil yn de wyk Lemmerwei-West de lêste 26 fan de mei-inoar 275 iengesinswenten ferbouwe. De platte dakken wurde ferfongen troch in kap en de huzen wurde isolearre.
Bewenners kinne tsjin in lytse hierferheging ek noch kieze foar bygelyks sintrale ferwaarming. De bedoeling is dat de wenten noch foar de boufakfakânsje oplevere wurde.