Gertjan Verbeek frijsprutsen

© Omrop Fryslân
Hearrenfeantrainer Gertjan Verbeek is frijsprutsen fan bedriging en mishanneling fan twa stewards fan FC Grins. Dat hat de rjochtbank yn Grins moandei bepaald.
Verbeek moast foar de rjochter ferskine om't er foar de wedstryd Grins-RBC in steward mishannele ha soe en in oare bedrige. Dy soe him de tagong wegere hawwe ta in parkearplak. De oanklager hat twa wike de tiid om yn heger berop te gean.