Parodialoop Tsjerkwert

08 maaie 2006 - 14:08

De Boalserter hurdrinner Gerrit Kramer en Maaike Hornstra fan Jellum binne de winners wurden fan de 21e Parodialoop yn Tsjerkwert. Beide wûnen de 7,4 km lange hurdrinwedstryd snein mei gemak. Kramer sette in tiid fan 25 minuten en 48 sekonden.

Maaike Hornstra kaam as earste frou yn de histoarje fan de Parodialoop út ûnder de 30 minuten mei in tiid fan 29.57. It parkoerrecord stie op 30.40.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)