Goutumer (56) mishannele

© Omrop Fryslân
In 56-jierrige man út Goutum is sneontemiddei mishannele. Hy fytste oer de Van Harinxmabrêge doe't er ynhelle waard troch in snorfyts.
De passazjiere fan de snorfyts joech him by it foarbygean om ûnbekende reden in klap op de achterholle. De man spruts letter de frou oan op har gedrach doe't de snorfytser stilhold. Doe krige er twa klappen yn it gesicht fan de bestjoerder. Dêrnei ried it duo fuort yn de rjochting fan Wirdum.